Hoofdtekst
Der kaem in man oanfytsen. Doe seach er dat der in man op de brêge stie dy hong oer de leuning hinne en seach yn 't wetter.
De man op 'e fyts tochte: "Dy man kin him wol forsûpe wolle." Hy bleau in eintsje fan him ôf by de fyts stean. Hy stie en hy stie dêr mar. Op 't lêst kaem der in plysje oan. Doe sei dyselde by de fyts tsjin 'e plysje: "Ik fortrou dy man dêr net dy't oer de brêgeleuning hinget. Ik stean hjir al in hiel skoft. Ik bin bang dat er him forsûpe wol."
De plysje gong nei dy oare man ta en sei: "Jo matte hjir ek ris wei net."
"Ja," sei dy man, "dat hie 'k oars al lang dien, mar dyselde dêr by de fyts, dy fortrou ik net. Dy stiet dêr mar en dy stiet dêr mar. Ik bin bang dat dy him fan kant meitsje wol. Dêrom wachtsje ik hjir al sa lang. Ik bin bliid dat ik jo sjoch."

Beschrijving
Man ziet iemand over brugleuning hangen, en is bang dat die zich wil gaan verdrinken. Hij staat een poos te kijken als er een agent komt. Hij zegt dat hij de persoon bij de leuning niet vertrouwt. De agent gaat naar die man toe, waarop die zegt dat hij de ander niet vertrouwt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1145, verhaal 20 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
16 september 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21