Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114902

Een mop (mondeling), 1977

Hoofdtekst

Der wie in man, dy stie yn Marssum to liften. Dêr kaem in plysje-motor oan.
"Ik mat noch nei Trynwâlden," sei de man, "kin ik ek mei ride?"
"Dat kin wol," sei de plysje, "ik mat nei Grins. Gean mar sitten."
Sa rekke dy man yn it motorsydspan fan 'e plysje. Doe't se oan Ljouwert ta wienen, moesten se foar in brêge stopje. De man yn 't sydspan hime hiel bot en hy hie in tige heechreade kleur.
"Hwat skeelt der oan," frege de plysje, "binne jo sa senuweftich?"
"Né," sei de man, "dat is wol faker sa mei my." Hy woe net sizze hwat der oan skeelde. Dat fornaem de plysje wol. Hja tuften wer fierder. Op Swarteweisein moest de man der út. Hy trille as in blêd oan 'e beam en switte as in oandrager. Prate koed er net mear, sa bot wied er efter de pûst.
Doe sei de plysje: "Jo binne goed senuweftich, hè?"
Doe sei de man: "Né, sa sit it net. Ik woe it jo net sizze, mar ik ha iderkear rinne matten, it hiele ein fan Marssum ôf hjirhinne. De boom wie út it sydspan wei."

Beschrijving

Een lifter mag meerijden met een politieagent op een motor met zijspan. De lifter neemt plaats in de zijspan. Als de politieagent de lifter vraagt waarom hij zo'n rood hoofd heeft, antwoordt de lifter eerst dat hij erg zenuwachtig is. Later blijkt dat de lifter het hele eind heeft moeten meerennen omdat de zijspan is losgeraakt.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1149, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

1977

Naam Overig in Tekst

Swarteweisein    Swarteweisein   

Naam Locatie in Tekst

Marssum    Marssum   

Trynwâlden    Trynwâlden   

Grins    Grins   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21