Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114908

Een mop (mondeling), 1977

Hoofdtekst

Yn 'e lêste oarloch wie der in fanke as evacuée by in boer yn Burgum. Sa nou en dan kaem de pastoar by dy boer om to freegjen hoe't it mei dat fanke gong. Op in kear wie hy dêr wer. Hy frege de boer of it fanke al in feint hie ensa.
De boer joech tekst en útlech. Ja, in feint hie se ek al. Doe frege de pastoar: "Hwer is se?"
"Hja is hjirneist yn 'e keamer oan 't wurk", sei de boer.
De pastoar gong nei har ta.
"Dus, dû hast ek al forkearing, ha 'k heard", sei er.
"Krijt dyn feint dy wolris by de knibbel beet?"
"Jawol", sei 't fanke.
"Nou," sei de pastoar, "dat hindert neat, ast der mar foar soargest dat er net heger komt as de hoasbân."
"Goed", sei 't fanke. Dêr soe se om tinke.
In wike of hwat letter kaem de pastoar wèr by de boer.
Hy frege him wer hoe't it mei Antje gong.
De boer sei: "Bêst, mar sneintojouns docht se hwat fremd."
"Hoedatsa?" frege de pastoar.
"As de feint komt," sei de boer, "dan hat se de hoasbân om 'e hals hinne sitten."

Beschrijving

Een dominee raadt een meisje dat pas een vriendje heeft aan hem niet hoger dan de kousenband te laten komen. Als haar vriendje komt, draagt het meisje de kousenband om de hals.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1149, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

1977

Naam Locatie in Tekst

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21