Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115107

Een mop (mondeling), zaterdag 30 juli 1977

Hoofdtekst

Der wie ris in koster, dy wie nergens bang foar, dy stie altyd op 'e hoeke to swearen en to swetsen oer syn drystens. Hy moest elke dei de klokken liede.
Dêr wennen in pear mannen, dy woenen him wolris bang meitsje, hwant sy leauden net dat er sa dryst wie.
It wienen trije mannen, dy gongen nei 't tsjerkhôf ta en gongen tsjin 'e muorre fan 'e toer oan stean. De iene hie in read kleed omslein, de oare in blank kleed en de trêdde in wyt kleed. Sa stienen se tsjin 'e muorre oan, op elkoars skouders. Hja stienen njonken 'e doar, dêr't de koster troch moest. De koster kaem der oan. Hy wie omtrint oan har ta, doe sprong de wite (de boppeste) nei ûnderen en sei: "Nou sille wy him wol even fange." De koster naeide hurd út en rôp: "It spûket hjir!"
Doe gong er nei de dûmny ta, dy woed er mei ha dêrhinne. Mar de dûmny sei: "Ik leau dat jo mar hwat droomd ha. Ik gean net mei, hwant it is al alve ûre." Dit moat yn 'e Harkema gebeurd wêze.

Onderwerp

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"    sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   

Beschrijving

Drie mannen besluiten een koster die pocht nooit bang te zijn eens flink aan het schrikken te maken. De drie verkleden zich als spook en dragen respectievelijk een rood, beige en wit laken om zich heen. Als 'spoken' gaan ze bovenop elkaar bij de kerkhofmuur staan. Als de koster nadert, springt het bovenste 'spook' - de witte - naar beneden om de koster te pakken. De koster weet van angst niet hoe snel hij weg moet komen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1151, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1977
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21