Hoofdtekst
Yn Surhústerfean wenne in man allinne. Dy fierde net in slach út en hy kaem doch troch de tiid. Hy sea altyd iten foar twa minsken. Mar net ien dy't dy fremdeling seach. Guon woenen wolris sjen of it wier wie.
Doe seagen se om 12 ûre, doe't it iterstiid wie, ris tomûk troch 't glês. Dêr sieten twa man by de tafel to iten. De iene wie de frijgesel. Mar de oare koenen se net. Se koenen syn gesicht ek net sjen, hwant hy hie in mantel oan mei in hege kraech, dêr siet syn holle yn biskûle. Mar it like raer.
Fjirtich dagen lang bleau dat sa. Doe, op in dei kaem dy frijgesel net foar 't ljocht. De minsken gongen dêr yn 'e hûs en dêr founen se him mei de holle omkeard op 'e romp. Hy wie dea.
Dy man hie himsels oan 'e duvel forkocht. Elke dei lei der foar him in ryksdaelder ûnder 'e stien. Dêr leefde er fan. Dêr moest er de duvel ek iten fan jaen. Mar op 't lêst draeide dy him de nekke om. 't Is wier gebeurd.

Onderwerp
SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.   
Beschrijving
Een zonderlinge vrijgezel die wat afgezonderd leeft en nooit iets lijkt uit te voeren dekt altijd de tafel voor twee personen. De duivel blijkt elke dag een vorkje mee te prikken. De vrijgezel heeft zijn ziel ooit aan de duivel verkocht. De duivel legt elke dag een rijksdaalder voor hem onder een steen. Op een dag wordt de vrijgezel dood, met het hoofd omgedraaid op de romp, gevonden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1151, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
30 juli 1977
Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21