Hoofdtekst
Der wienen twa Dokkumers, dat wienen kameraden. Ien fan har hie in motor kocht mei in sydspan der oan. Hy sei tsjin syn maet: Wy matte togearre mar ris út to riden. Hy gong op 'e motor sitten en syn maet yn 't sydspan. Earst ried er hiel bidaerd. Doe't se troch Moarmwâld kamen, gong it al hwat hurder en yn 'e Falom hienen se in bihoarlike faert. Dat it gong mei faesje troch Feanwâlden. Dêr moesten se foar de trein wachtsje, dat dêr bleauwen se stean. De motorrider sei tsjin syn maet: Hwat giet dit moai hè? Mar hwat himestû. Hoe komstû sa achter de pûst? Ja jonge, dat komt, der sit net in boom yn it sydspan.
Beschrijving
Twee Dokkumers maken samen een tochtje op een motor: de een bestuurt de motor; de ander zit in het zijspan. Als de bestuurder voor een spoorwegovergang moet wachten, ziet hij dat zijn maat helemaal buiten adem is. De maat heeft het hele eind mee moeten rennen omdat het zijspan niet aan de motor vast zat.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Naam Overig in Tekst
Dokkumers   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
