Hoofdtekst
Der wienen twa ûnnoazelen dy gongen togearre to fytsen op ien fyts. Hja hienen de hiele deis al ûnderweis west, doe wie it let woarn en se koenen foar de nacht net mear werom. Dat hja namen it bislút, hja soenen mar bûtendoar oernachtsje, elk ûnder in tsjil fan 'e fyts. 't Wie myld waer. De iene gong ûnder it foarste tsjil lizzen, de oare ûnder it achterste tsjil. Doe't se sa in skoftsje lein hienen, sei de foarste: Ik wol leaver achter lizze; sille wy ruilje fan plak? Goed, sei de achterste en doe gong dy ûnder it foarste tsjil lizzen. Mar doe't er dêr in skoftsje lein hie, sei er: "Ik wol wol leauwe, datstû net foar lizze wolste. It siicht hjir, der mist in speake út it tsjil."
Beschrijving
Twee onnozele fietsers overnachten in de open lucht, elk onder een fietswiel. De fietser die onder het voorwiel ligt wil ruilen met de fietser onder het achterwiel. Het voorwiel blijkt een spaak te missen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21