Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115207

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wienen twa healwizen yn in gesticht. Dy soenen op in kear in grêft útheakkelje. De iene wie aerdich goed en de direkteur wie fan plan him binnen koarte tiid foargoed gean to litten. Mar de oare dêr mankearde nochal hwat oan.
De direkteur sei tsjin de goede: Jo meije wol in bytsje om jou maet tinke en oppasse dat er ûnder 't heakkeljen net yn 'e grêft falt.
Hwat gebeurde? Nei in skoftsje foel dyselde yn 'e grêft. Mar de goede helle him der gau út en rêdde him sa it leven. De goede tocht: ik sil gau nei de direkteur ta gean en him fortelle dat ik myn maet red ha. Miskien mei 'k dan moarn foargoed nei hûs.
Dizze man ha 'k red, sei er.
Nou, sei de direkteur, dat fyn ik sa flink fan dy, sjoch dan mar gau datst him droech krijste, dan krigest moarn dyn ûntslachbiwiis.
De oare moarns wie de goede der al bitiid ôf. Hy gong nei de direkteur om 't ûntslachbiwiis, hwant hy woe nou wol fuort, sei er.
Ja, sei de direkteur, mar hoe wie dat eins mei dyn maet, hie dy forkearde bidoelings? Hwant wy ha him foun, hy hong oan in takke fan 'e apelbeam.
O, sei de goede, dêr haw ik him justerjoun oan hong to droegjen.



Beschrijving

Een directeur van een gesticht denkt erover één van zijn patiënten - met wie het goed lijkt te gaan - voorgoed te ontslaan. Als de desbetreffende patiënt eens een andere patiënt redt van een verdrinkingsdood, spoedt hij zich gelijk naar de directeur om over zijn heldendaad te vertellen. De directeur is nu helemaal overtuigd en besluit de patiënt de volgende dag een ontslagbewijs te geven. De patiënt moet zijn maat - die hij uit de gracht gevist heeft - maar even droog maken, zegt de directeur. De volgende dag vindt de directeur de patiënt die bijna verdronken was, hangend aan de tak van een appelboom. De patiënt die bijna zijn ontslagbewijs zou krijgen antwoordt dat hij zijn maat zolang even te drogen heeft gehangen aan de boom.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21