Hoofdtekst
Ik wenne by de boer as feint. De boer wie net sa jong mear. Op in kear sei de boer tsjin my: Ik wol wol ris in kear nei stêd ta. Ik sei: Dan mat dat wêze. Ik sil der jo wol hinnebringe. Wy praetten ôf it soe de freeds mar oangean. Earst gongen wy nei de fémerk ta en efkes letter stienen wy op 'e joademerk op it Saeilân. Doe sei de boer: "Nou is 't net sa bêst, mar ik mat noadich út 'e broek."
"Nou," sei 'k, "dat is suver neat, hjir steane herbergen genôch, dat kom mar mei."
Wy rounen in herberch yn en dêr brocht ik de boer nei in toilet. "Och," sei er, "it binne hjir allegearre knopkes en dingen, hoe mat dat eins?"
"Dat is samar klear", sei 'k. "Jo geane hjir mar sitten. Sjoch, dêr is de papierrolle en as jo klear binne, lûke jo mar oan it touke." (de boer wie in âlderwetsk húske wend mei stikken krantepapier). Doe't er dien hie, sei er: "Hwat bin se hjir hwat mâns, net. Ik loek oan 't tou, doe wie alles samar ynienen fuort en der bleau wetter genôch oer om myn hannen yn to waskjen."

Beschrijving
Een boer moet - als hij op een keer in de stad is - heel nodig poepen. Zijn knecht moet hem uitleggen hoe een 'moderne' wc werkt omdat de boer alleen een emmer en stukken krant gewend is. Zijn knecht vertelt hem ondere andere dat hij door moet trekken door aan het touw te trekken. De boer is erg te spreken over de wc: als hij aan het touw trekt is alles gelijk weg maar heeft hij genoeg water over om zijn handen te wassen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Naam Overig in Tekst
Saeilân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21