Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115213

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wie in dûmny, dy hie in papegaei. Dy papegaei dy flokte as in ketter. Dat wie dy dûmny slim yn 'e wei. De slachter hie èk in papegaei. Doe sei de dûmny tsjin 'e slachter: Wy matte mar ruilje, hwant it is slim sa't myn papegaei flokt. Dat wie de slachter wol goed. Hja ruilen en de papegaei fan 'e dûmny kaem yn 'e kouwe yn 'e slachterije.
Op in kear is de slachter oan 't slachtsjen en dêr snijt er him yn 'e finger. Hy rint de winkel yn en seit tsjin 'e frou: Mast ris sjen, sa ha 'k my snien!
Dêr bigoun de papegaei to flokken en him út to skellen. Great ûngelok! Great ûngelok! Great ûngelok! raesde er.
De slachter wurdt sa lulk, dat hy jowt dy papegaei in mep. Mar doe wie 't allegearre bloed.
De slachter tocht: dit kin hjir sa net yn 'e winkel. Dat hy kriget de biblette papegaei beet en smyt him ûnder 'e bril njonken de húsketonne yn 't húske. Dy siet dêr in skoftsje, doe gong it tsjinstfamke op 'e W.C. sitten. Wylst hja dêr sit, raest de papegaei ynienen: "och hea, hastû èk mei 't mes fan 'e slachter hawn?"

Onderwerp

AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy    AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   

ATU 0237 - The Talking Parrot    ATU 0237 - The Talking Parrot   

Beschrijving

Een dominee ruilt zijn vloekende papegaai voor de papegaai van de slager. Als de slager zich op een keer in de vinger snijdt, begint de vogel vreselijk te vloeken. De slager wordt zo boos dat hij het dier een klap geeft. Als de papegaai begint te bloeden, smijt de slager hem in de wc. Als het dienstmeisje op de wc gaat zitten, zegt de papegaai 'heeft de slager jou ook met zijn mes te pakken gehad?'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977
Magpie Tells why Sow is Muddy

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21