Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115214

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Der rekke in papegaei by de piken yn 'e bak. Dy piken wienen laden yn in frachtauto en soenen forkocht wurde yn Fryslân. De pikekeapmannen - 2 jonges - wennen yn Hollân. Hja rieden oer 'e ôfslútdyk. Doe stie dêr by den Oever in fanke, dat woe mei lifte. Dat koe wol. It fanke rekke achter yn 'e bak en de iene jonge giet dêr èk yn. Doe rekke hy dat fanke oan en klaude har oan 'e hûd om. Doe sei dat fanke: Hwat wolstû eins? Doe sei er: Dat kinst wol bigripe, ik wol neuke. En astû net wolste, kinst der wol útgean.
Nou, dan der mar út, sei se.
Hja stoppen en it fanke gong der út.
De feint gong wer foaryn sitten.
Hja wienen hast yn Harns, doe stie dêr in plysje, dy't har oanhâldde. "Stop," sei er, "hwat foar spul is dat hjir mei jimme?" Hoedat sa? fregen de bruorren. "Nou, jimme slepe al jimme piken wei."
"Piken weislepe? Hoe kin dat?" Hja stapten út 'e auto wei en seagen. En doe hie de papegaei krekt de lêste pyk by de flarden: "Wolst neuke, en oars der út!"

Onderwerp

VDK 0237E* - "Wie niet vrijen wil moet eruit."    VDK 0237E* - "Wie niet vrijen wil moet eruit."   

Beschrijving

Twee mannen in een vrachtwagen vol kuikens pikken een liftend meisje op. Als een van de mannen het meisje begint te betasten, vraagt ze wat hij van haar moet. De man zegt hierop 'dat begrijp je natuurlijk wel, ik wil neuken. Als je niet wil, ga je er maar weer uit'. Het meisje zegt dat ze er dan wel uit zal gaan. Als de twee mannen later worden aangehouden door de politie, blijkt dat de papegaai die tussen de vracht terecht is gekomen alle kuikens uit de vrachtwagen verwijdert, roepend 'als je geen seks wilt, moet je er maar uitgaan!'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 14 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977
"Wie niet vrijen wil moet eruit."

Naam Overig in Tekst

Hollân    Hollân   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Harns    Harns   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21