Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115220

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie trije dochters. Dy hienen alle trije gedoente mei ien en deselde feint, dy hiet fan Gerrit. Op in kear wie hy dêr wer. De boer tocht, dit kin sa noait goed komme. Ien fan 'e trije dochters kin him mar ha. Dat hy rôp syn trije dochters by him yn in keamer apart en doe sei er: "Sa kin it net langer mei jimme: Alle trije mei deselde feint omslaen. Hwa fan jimme trijen wol him ha?"
"Ik heit, ik heit, ik heit!" rôpen se alle trije.
Doe sei de boer: "Hark ris, ien kin him mar ha. Mar ik wit wol rie. Ik sil jimme in riedsel opjaen. Hwa fan jimme it goeije antwurd jowt, dy kin Gerrit krije. It riedsel is: Hwat groeit it hurdst?"
De âldste dochter seit: "Koal."
De twade dochter seit: "Salaed."
De trêdde seit: "As ik Gerrit by syn augurkje krij, is 't samar in komkommer." Doe sei de boer tsjin har: "Dû silst him ha."

Onderwerp

VDK 1452B* - "Wat groeit het snelste?"    VDK 1452B* - "Wat groeit het snelste?"   

Beschrijving

Omdat alledrie de dochters van de boer het met dezelfde jongen houden, geeft de boer zijn dochters een raadsel op. De dochter die het raadsel kan oplossen, 'krijgt' de jongen. Als de boer vraagt 'wat groeit het hardst?', weet de jongste dochter het goede antwoord: 'als ik Gerrit bij zijn augurkje pak, is het ineens een komkommer'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 20 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977
"Wat groeit het snelste?"

Naam Overig in Tekst

Gerrit    Gerrit   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21