Hoofdtekst
Der wienen twa Amerikanen, dy gongen nei de griezelkelder to Ljouwert, dy stie yndertiid op 'e hoeke fan 'e Twabaksmerk en de Koaningsstrjitte, tsjin it museum oer. Doe't se dêryn kamen, skopte ien fan 'e beiden by ûngelok tsjin in lyts katsje oan. Dat kaem sa bot oan, dat it katsje wie dea. Dat seach de memmekat en dy roun dy Amerikaen iderkear achternei. Doe kamen se by in martelwurktuch, dat wie in soart fan kiste, dy't oerein stie, dêr koe krekt in minske yn stean. Dy kiste hie ek de foarm fan in minske. Der sieten allegear dikke spikers yn 'e doar. As der in minske yn dy kiste stie en de doar kaem ticht, dan trochboarren dy greate spikers sa'n minskelichum. De doar moest iepenhâlden wurde mei in tou, oars klapte er ticht mei in fear. De Amerikaen dy't dat katsje deamakke hie, gong foar aerdichheit yn dy kiste stean. Wylst hâldde de bihearder de doar mei it tou iepen. Doe sprong ûnforwacht de memmekat de bihearder op 'e holle en klaude him yn 'e eagen. De bihearder waerd sa kjel fan 'e pine, dat hy liet it tou los en dêr klapte de doar ticht.
Dit wie de wraek fan 'e kat.
Dit wie de wraek fan 'e kat.
Beschrijving
Twee Amerikanen bezoeken een griezelkelder in Leeuwarden. Als één van de Amerikanen een katje doodtrapt, neemt de moederkat wraak: de kat klauwt in de ogen van de man. De man lijdt zo'n hevige pijn dat hij een ander ongeluk veroorzaakt: zijn lichaam wordt doorboord met spijkers.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1153, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
9 augustus 1977
Naam Overig in Tekst
Amerikanen   
Twabaksmerk   
Amerikaen   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Koaningsstrjitte   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
