Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115307

Een mop (mondeling), dinsdag 09 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in moaije frou en in moaije dochter. Hy hie ek in feint, en dy feint dy woe wolris mei dy froulju op bêd. Op in kear, doe wie de boer fuort, doe sei de feint ûnder 't kofjedrinken tsjin 'e beide froulju: "Ik bin heldersjende."
Doe sei de frou: "Biwiis dat dan ris."
"Nou," sei de feint, "jim binne fline wike leppeltsjes kwyt rekke, dy ha jim net wer fine kind."
"Ja," sei de frou, "dat is sa."
"Nou," sei de feint, "ik sjoch se wol lizzen. Se lizze op in plakje yn 'e koestâl ûnder 't strie."
De dochter gong dêr hinne en dy foun de leppeltsjes dêr.
"Hwat binne jo knap", sei de frou tsjin 'e feint. "Wite jo noch mear?"
"Jawol," sei de feint, "ik sjoch, dat jimme beide in aei yn 'e bûk ha. En dat mat stikken stompt wurde, oars geane jimme dea."
"Hoe mat dat dan?" frege de frou.
"Nou, dat kin ik allinne mar dwaen", sei er. "Dan matte jimme jim mar útklaeije."
Doe naem er se ien foar ien.
Doe't de boer thúskaem, sei de frou: "Och, och, hwat ha wy in knappe feint. Hwant wy hienen allebeide in aei yn 'e bûk en dy aeijen hat hy stikken stompt. En 't is wòl wier, hwant de djirre roun my noch oer de billen."

Beschrijving

Een boerenknecht wil graag met de boerin en de boerendochter naar bed. Hij maakt de vrouwen wijs dat hij helderziend is: hij voorspelt dat kwijtgeraakte lepeltjes onder het stro in de koeienstal liggen. Als de lepeltjes inderdaad op de aangegeven plaats gevonden worden, zijn de vrouwen overtuigd van de gaven van de knecht. De knecht ziet verder dat de vrouwen beiden een ei in de buik hebben. Alleen hij kan het ei stukstoten en vraagt de vrouwen of ze zich willen uitkleden. De knecht heeft vervolgens geslachtsgemeenschap met de vrouwen. Als de boer thuiskomt, zegt de boerin dat de knecht heel knap is omdat hij de eieren in de buiken echt stukgemaakt heeft: de dooier loopt hen nog over de billen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1153, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

9 augustus 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21