Hoofdtekst
Twa man kamen yn 'e herberch en gongen foar de tap sitten. Hja dronken dêr in pear gleskes bier. Doe seagen se dat de kastlein dêr twa brette fiskjes yn in panne to lizzen hie. Hja fregen de kastlein of se dy keapje mochten. "Jawol", sei de kastlein. De iene fisk wie folle grouwer as de oare.
De iene man pakte fuort de dikke fisk út 'e panne, doe pakte de oare de lytste. Mar hy sei der by tsjin syn maet: "Dû bist ek fatsoenlik, hear. Raemst fuort de dikste mar."
"Nou," sei de oare, "hwat hiestû dan dien?"
"Ik hie 't sa net dien," sei er, "ik hie de lytste krige."
"Nou, dy hast nou ommmers ek. Hwat wolst dan to seuren?"

Onderwerp
VDK 1567K* - De grote en de kleine vis   
Beschrijving
Twee mannen kopen samen twee vissen, waarvan er een veel groter is dan de andere. Als een van hen gelijk de grootste weggrist, verwijt de ander hem dat hij zich niet fatsoenlijk gedraagt. De man met de grote vis vraagt zijn maat hierop: 'Wat zou jij dan gedaan hebben?'. Als de maat antwoordt 'Ik zou natuurlijk de kleinste gepakt hebben', zegt de man met de grote vis 'Wat zeur je dan, je hebt toch de kleinste?'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
12 september 1977
De grote en de kleine vis
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21