Hoofdtekst
In Dokkumer, in Grinzer en in Ljouwerter dy praetten ôf, se soenen mei har trijen yn 'e fakânsje nei de Sahara ta. Earst gongen se in ein mei de boat, doe kamen se by de douane. Dy frege of se ek hwat oan to jaen hienen.
De Grinzer hie in tobbe mei wetter by him.
"Hwerom nimme jo dy mei?" woe de douane witte.
"As it dêr yn 'e Sahara aenst sa waerm is, kin ik myn fuotten lekker yn 't wetter dwaen", sei de Grinzer.
Doe kaem de Ljouter oan 'e beurt. Dy hie in amerfol wetter by him.
"Hwat bitsjut dat?" frege de douane.
"As 't aenst tige hyt is dêr yn 'e woastyn, dan smyt ik dat amerfol wetter my oer de kop", sei de Ljouter.
Doe wie de Dokkumer oan 'e beurt. Dy hie in losse autodoar by him.
"Hwat bitsjut dat?" frege de douane.
"As ik aenst tige waerm bin, dêr yn 'e Sahara," sei de Dokkumer, "dan draei ik it gleske yn 'e doar omleech. Dêrom ha 'k dy doar meinaem."

Beschrijving
Een Dokkumer, een Groninger en een Leeuwarder gaan met z'n drieën op vakantie naar de Sahara. Als ze bij de douane komen, wordt hen gevraagd of ze iets aan te geven hebben. De Groninger heeft een teil water bij zich om - als het in de Sahara erg warm is - zijn voeten te koelen. De Leeuwarden draagt een emmer water met zich mee om bij extreme hitte over zijn hoofd te gooien. De Dokkumer zeult een autodeur mee: als het warm is, kan hij het autoraampje opendraaien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 17 (archief MI)
Commentaar
12 september 1977
Naam Overig in Tekst
Dokkumer   
Grinzer   
Ljouwerter   
Groninger   
Ljouter   
Naam Locatie in Tekst
Leeuwarden   
Groningen   
Leeuwarden   
Dokkum   
Sahara   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21