Hoofdtekst
Ik wenne by de boer, dêr gong ik alle dagen mei de bus hinne. Ik hie dêr tichteby in tante wenjen, dêr gong ik wyks ek altyd in pear kearen hinne, hwant dat wie in rike erftante. Op in kear sei se tsjin my, se woe graech in kat fan ús ha. Ik die de kat yn in kartonnen doaze fan Plantenga's jenever en sette dy yn 't rakje fan 'e bus. Tsjin my oer siet Skeane Wibe. Dy mocht o sa graech in slokje en seach altomets skean nei de doaze. Doe bigoun dy doaze hwat to lekken. Skeane Wibe heinde it focht mei de tonge op en jy koenen oan him sjen dat it him lekker smakke.
Ik brocht de kat by tante.
In pear dagen letter sei se: "De kat hat al in pear kearen it kleed wiet makke."
Ik sei: "Dat is grif bêst spul, tante, hwant Skeane Wibe hat der lekker fan dronken."
Wer in pear dagen letter sei tante: "Nou is 't sa fremd. Myn kleone jern is fuort en ik kin him nergens fine." Ik rekke mei oan 't sykjen, mar forgees. De kleone jern bleau ûnsichtber. De kat siet moai stil ûnder 'e tafel.
Wer in pear dagen letter sei tante: "Nou mast ris even sjen. De kat hat sawn jongen krigen en sy ha allegear in breiden festje oan."

Beschrijving
Een man brengt een kat naar zijn tante in een doos waar ooit jenever in heeft gezeten. Hij gaat met de bus naar zijn tante en zet de doos met de kat in het bagagerekje. Als de doos begint te lekken, slurpt een man in de bus die erg van een glaasje houdt het vocht op omdat hij denkt dat het jenever is. De tante die de kat krijgt is een paar dagen later een klosje garen kwijt. Kort daarop baart de kat zeven jongen: alle katjes dragen gebreide vestjes.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 18 (archief MI)
Commentaar
12 september 1977
Naam Overig in Tekst
Plantenga   
Skeane Wibe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21