Hoofdtekst
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan woarden alle iepeningen yn sa'n hûs goed ticht makke (hwant de tsjoenster koe troch in lyts gatsje en dy mocht der net yn komme) en dan waerd de krâns fan fearren forbrând. As de krâns al folledich klear wie, wie it to let, dan wie 't bern net mear to helpen. Piter Poes preuvele der altyd spreuken by. Der kaem duveldrek ûnder 'e drompel to lizzen en hy warskôge foar in bipaeld minske dat der sa en sa útseach, om dy der noait yn to litten. Dan waerd it bern wer better.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Als een kind vroeger ziek was, was het vaak betoverd. De duivelbanner - bijvoorbeeld Piter Poes met zijn hondenkar - werd dan ontboden. Als er in het kussen een verenkrans - een heksenkrans - zat, werd die krans verbrand terwijl alle gaten en kieren in het huis goed dicht waren. Als de krans al voltooid was, was het kind niet meer te helpen. Bij het verbranden prevelde Piter Poes wat spreuken. Piter raadde aan duivelsdrek onder de drempel te leggen en een vrouw met een bepaald uiterlijk uit het huis te weren. Als dit allemaal gedaan was, genas het kind.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1158, verhaal 14 (archief MI)
Commentaar
19 september 1977
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Naam Locatie in Tekst
Jistrum   
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
