Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115907

Een sprookje (mondeling), maandag 26 september 1977

Hoofdtekst

Us mem koe lêze noch skriuwe. Hja wie in skippersdochter, mar hja fortelde ús wolris in forhaeltsje. Hja fortelde, der wie ris in earme klearmakker, dy koe 't wurk net dwaen, hwant hy wie siik. Hy siet bot yn 'e forlegenheit, doe kamen der yn 'e nacht kabouters en dy makken it wurk. Dat dienen se sa moai en sa goed, dat der wienen folle mear minsken, dy't de klean by dy klearmakker makke ha woenen. Elke nacht kamen de kabouters en de oare moarns wienen de klean makke.
Mar de frou fan 'e klearmakker wie nijsgjirrich. Dy woe wite hwa't dat wurk makken. Hja struide de jouns foardat se op bêd gongen griene earten oer de flier. Doe't de kabouters dy nachts kamen, glieden se alle kanten út, se koenen neat bigjinne. Se ha doe noait wer by de klearmakker west.

Onderwerp

SINSAG 0063 - Die hilfsbereiten Zwerge arbeiten in der Nacht für die Menschen für Nahrungsmittel (Tabak, Geld)    SINSAG 0063 - Die hilfsbereiten Zwerge arbeiten in der Nacht für die Menschen für Nahrungsmittel (Tabak, Geld)   

Beschrijving

Kabouters helpen zieke kleermaker door het werk 's nachts af te maken. Zijn vrouw is zo nieuwgierig dat ze 's avonds erwten strooit, waarover de kabouters struikelen en nooit meer terugkomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1159, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21