Hoofdtekst
Op 'e Tike wenne in famke, dat forlear har beide âlders. Doe kaem se by har omke yn. Dy omke mocht har net sjen en hy mishandele it bern bot. Sa'n hekel hied er oan har. Troch dy mishandeling gong it bern op 't lêst dea. It famke hie in gouden hantsje en doe't se bigroeven waerd, kaem dy gouden hân mei yn 'e groun.
Mar letter gong har omke nei 't tsjerkhôf ta en groef it goudene hantsje op.
Doe hie it bern gjin rêst mear yn it grêf. Trije nachten oanien kaem se by har omke. Dêr bigounen dan samar de gerdinen to wapperjen en de blinen bigounen to klepperjen. En dan rôp dat famke mei in aeklik holle grêfstem: Myn hân, myn hân!
De trêdde nachts wie de omke tige bang.
Hy frege: "Hwer is dyn hân dan?"
Doe waerd er beet krige en der waerd sein: "Dû hast him!"
(Sa mat de forteller ien by 't skouder krije wylst er dy wurden seit, dan wurdt dy tige kjel.)

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Een weesje wordt erg slecht behandeld door haar oom. Als het meisje - dat een gouden handje heeft - van alle mishandelingen door haar oom uiteindelijk sterft, wordt ze begraven met de gouden hand bij zich in het graf. Als de begerige oom later het gouden handje opgraaft, begint de geest van het meisje de oom te kwellen. Ze laat de gordijnen wapperen en roept met een akelige grafstem 'Mijn hand! Mijn hand!'. De derde nacht is de oom zo vreselijk bang geworden dat hij vraagt 'Waar is je hand dan?'. Op het volgende moment wordt de oom gegrepen en er wordt gezegd 'Jij hebt mijn handje!'. (Bij het vertellen van deze mop moet je iemand plotseling bij zijn schouder grijpen terwijl je de laatste woorden zegt.)
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1159, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
26 september 1977
The man from the gallows
Naam Locatie in Tekst
Tike   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21