Hoofdtekst
Myn skoanmem wenne yn den Haech. Op in joun siet se mei de bern yn 'e keamer. Doe seagen de bern har ynienen bleek wurden. "Hwat is der, mem?" frege ien.
"Ik seach hjir sakrekt in swarte houn," sei se, "dy roun om 'e tafel hinne en is der doe wer útgien troch dy doar. Dy houn bringt it boadskip, dat der gau ien út 'e famylje deagean sil."
In pear dagen letter stoar har suster. Dy wenne yn Sélân. Dêr kaem se sels ek wei.
Dy swarte houn wie de boade fan 'e dea. De bern hienen noait in houn sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw wordt plotseling lijkbleek: ze zegt een zwarte hond gezien te hebben die een doodsbericht kwam brengen. Een familielid zal sterven. Een paar dagen later sterft er inderdaad iemand uit de familie. De hond is de boodschapper van de dood geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1160, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
28 september 1974
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Haech   
Naam Locatie in Tekst
Sélân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21