Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ116403

Een sage (mondeling), zaterdag 15 oktober 1977

Hoofdtekst

Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie in krâns yn 't kessen, mar dy krâns wie noch net foltoaid. Wie dat it gefal, dan wie it bern dea. Se gongen nei Wopke fan Kûkherne en dy joech in drankje mei. Fierder wit ik net hoe't dat ôfroun is. Beppe fortelde it yndertiid.
Ek haw ik wol ris heard dat se in swarte kat mei in stien rekken en dat der doe de oare deis in âld minske mei de earm yn 'e doek roun.
't Wie de gewoante yn Garyp dat se duveldrek yn 't waeifet dienen, dan rekken de keallen net bitsjoend.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek kind blijkt betoverd: een zwarte kat - de heks - verschijnt steeds bij het huis. Een oud mensje wordt ervan verdacht de heks te zijn. De ouders van het kind maken een kruis van rogge onder het kleedje bij de drempel om de heks te weren. Het betoverde kind heeft een krans in het kussen. Als de heksenkrans voltooid is, zal het kind sterven. Wopke de duivelbanner geeft een drankje mee om het kind te genezen. De verteller weet niet hoe het verhaal is afgelopen. De verteller weet verder dat een zwarte kat eens met een steen geraakt werd. De volgende dag liep een oud vrouwtje met een doek om haar arm rond. Zij was de heks in kattengedaante. Om hekserij te weren wordt ook vaak duivelsdrek gebruikt.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1164, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

15 oktober 1977
Heks maakt kind (mens) ziek en SINSAG 0640 Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâldsterwâl    Feanwâldsterwâl   

Kûkherne    Kûkherne   

Garyp    Garyp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21