Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ116804

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1979

Hoofdtekst

Chamberlain, Hitler en Mussolini gongen yn Italë nei in frou ta, dy't wiersizze koe. Hja fregen har hwa't de oarloch winne soe. Dat koe se wol fortelle. Hja naem in libbene iel en lei dy yn in wasktobbe mei wetter. Hja sei, dyselde dy't dy iel libben fong, dy soe de oarloch winne.
Earst prebearre Hitler de iel to fangen. Hy wie in man fan gewelt en raemde fûl yn 'e tobbe om, mar hy koe de iel net topakken krije. Doe kaem Mussolini oan 'e beurt. Dy wie hwat kalmer. Dy tocht, ik mat sjen dat ik de iel yn in hoeke krij. Mar dêr sitte gjin hoeken oan in tobbe: dy is oeral roun, dat hy koe de iel ek net krije.
Doe moest âlde Chamberlain oan 'e slach. Dy gong op 'e knibbels by de tobbe lizzen. Hy luts in leppel ta de binnenbûse út en skepte dêrmei de tobbe leech. Dat duorre wol lang, mar hy krige de iel. (forteld yn 1939)

Beschrijving

Chamberlain, Hitler en Mussolini gaan in Italië naar een waarzegster toe om te vragen wie de oorlog zal winnen. De vrouw stopt een levende aal in een wastobbe en vraagt de mannen de levende aal te pakken. Diegene die de aal kan grijpen, wint de oorlog. Hitler grijpt ruw in de tobbe maar de aal ontglipt hem. Mussolini probeert het dier in een hoek te drijven maar dit lukt hem niet omdat de tobbe rond is. Chamberlain lepelt geduldig de tobbe leeg en kan daarna de aal pakken.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1168, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

23 mei 1979

Naam Overig in Tekst

Hitler    Hitler   

Mussolini    Mussolini   

Italë    Italë   

Naam Locatie in Tekst

Chamberlain    Chamberlain   

Italië    Italië   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21