Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ116805

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1979

Hoofdtekst

In dûmny en in pastoar wennen beide yn 't selde doarp. Hja hienen in lytse rúzje. Dat lei de pastoar net. Dy woe dat wer yn oarder ha en dêrom sei er tsjin 'e dûmny: "Jo matte moarn-joun mar ris mei de frou by my op bisite komme, dan sille wy dy rúzje ris bidrinke."
Dat like de dûmny skoan ta. Hy en syn wiif kamen by de pastoar en it gong dêr al gau op in iten en drinken.
Doe pakte de dûmny stikum in silveren leppel, sûnder dat ien dêr hwat fan fornaem.
Nei iten sei de pastoar: Jimme matte de pasterije mar ris bisjen. Doe kamen se ûnder mear ek yn 'e sliepkeamer fan 'e pastoar en èk yn 'e sliepkeamer fan 'e húshâldster. De jouns let gongen de dûmny en syn wiif wer fuort. De rúzje wie foargoed bylein.
Mar de oare deis miste de pastoar in sulveren leppel. "Eigenaerdich," tocht er, "soe de doomny dy meinaem ha? Mar ik wol der him eins net fan biskuldigje."
Mar hy moest der hyltyd oan tinke, hwant de leppel bleau to syk. Dat doe skreau er nei tsien wiken in briefke oan 'e dûmny. Dêr stie yn, hy woe him net biskuldigje fan dieverij, mar hy miste in leppel. As dûmny ek wist hoe't dat siet, hwant dy hie de jouns foardat er him miste by him west.
De dûmny skreau him werom, dat, hy woe him der net fan biskuldigje dat er by de húshâldster sliepte; trouwens hwer't er dy nachts sliept hie, wist er net, mar dit wist er wol, nèt yn syn eigen bêd, hwant de sulveren leppel lei by him ûnder 'e tekkens.


Onderwerp

AT 1842C* - The Rector's Nights    AT 1842C* - The Rector's Nights   

ATU 1842C* - The Clergyman’s Nights.    ATU 1842C* - The Clergyman’s Nights.   

Beschrijving

Een dominee en een pastoor hebben een klein meningsverschil. Omdat de pastoor de ruzie graag bij wil leggen, nodigt hij de dominee en zijn vrouw bij hem thuis uit voor een gezellig etentje. De dominee neemt stiekem een zilveren lepel mee die hij later in de slaapkamer van de pastoor achterlaat. Als de pastoor de volgende dag de lepel mist, schrijft hij na enig aarzelen een brief aan de dominee waarin hij de diefstal vermeldt. De dominee schrijft terug dat hij vermoedt dat de pastoor 's nachts niet in zijn eigen bed slaapt omdat hij dan de lepel onder de dekens wel had gevonden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1168, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

23 mei 1979
The Rector's Nights

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21