Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117010

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy gyng út to sprekken. Hja hâldde in lêzing, dêr kamen allerhande nammen fan gelearde persoanen yn foar. Foar 't gemak hie 't minske dy nammen op har bil skreaun. As se dan wer sa'n namme brûke moest seach se mar even nei 't bil en sloech der dan mei de hân op. Doe't de lêzing dien wie, rekke de sael leech. Op ien man nei, dy wie sitten bleaun. Hy kaem oerein en gong nei de frou ta en sei: "Ik wol jo graech ris hwat freegje. Hwerom slagge jo iderkear sa op 't bil?"
Doe sei se: "Dêr ha 'k de nammen stean fan 'e minsken dy't ik oanhelje yn myn lêzing."
"Mei ik dat wol ris sjen?" frege er.
"Jawol", sei se. De broek kaem omheech en doe lies er de nammen fan al dy gelearde lju.
Doe seach er omheech en dêr waerd er in snor gewaer.
"Dy mei dy puntsnor," frege er, "hwa is dat?"
"Dat is Vondel", sei se.
"Ik ha faek heard, dat Vondel in hertstochteliken roker wie," sei er, "mei ik him dan in sigaer presenteare?"

Beschrijving

Een vrouw die een lezing moet geven zet namen van geleerde mensen op haar bil om die niet te vergeten. Als de lezing voorbij is, vraagt een man haar waarom ze iedere keer op haar bil sloeg. De vrouw vertelt over de namen en de man vraagt of hij ze eens mag zien. Als de man de vrouw vraagt wie de man met de 'puntsnor' is, antwoordt de vrouw dat dat Vondel is. De man stelt voor een hartstochtelijk roker als Vondel een sigaar aan te bieden.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1170, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Vondel    Vondel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21