Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117401

Een mop (mondeling), zondag 06 augustus 1978

Hoofdtekst

Op 't Heechsân op 'e plaets, dêr't Swarte Hoeke wenne hat, wenne in feint, dy hie pine yn 'e mûle. Se wienen dêr dy deis op 'e telle oan 't terskjen. Twa jonkers van Sminia wienen dêr ek by. De feint klage oer pine yn 'e mûle en doe sei ien fan 'e arbeiders: dan mast nei 't tsjerkhôf ta gean, nei de bientsjekou en dêr in deabonkje út krije en dêrmei tsjin 't wang wriuwe.
Ik gean dêr dalik hinne, sei de feint.
Mar de beide jonkers hienen 't heard. 't Wie donker. Hja forlieten gau de skuorre en gongen nei 't tsjerkhôf ta. Hja pasten op dat hja yn 't baerhokje wienen foardat dy feint der wie. Hja stelden har dêr fordekt op.
Dêr kaem de feint al oan. Hy soe in bonkje pakke, doe sei de iene jonker mei in aeklike grêfstim: Net fan myn bonken, hear. De feint bistoar it hast fan kjellens en makke gau dat er fuort kaem.

Beschrijving

Man krijgt de raad om zijn kiespijn te verdrijven door met een doodsbeentje tegen zijn wang te wrijven. Als hij een doodsbeentje wil pakken, hoort hij een stem zeggen dat hij er niet één van hem moet pakken.





Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1174, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Heechsân    Heechsân   

Swarte Hoeke    Swarte Hoeke   

Van Sminia    Van Sminia   

Swarte Hoeke    Swarte Hoeke   

Zwarte Hoeke    Zwarte Hoeke   

Van Sminia    Van Sminia   

Naam Locatie in Tekst

Heechsân    Heechsân   

Hoogzand    Hoogzand   

Oostermeer    Oostermeer   

Plaats van Handelen

Oostermeer    Oostermeer   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21