Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117501

Een sprookje (mondeling), maandag 04 juni 1979

Hoofdtekst

Greate Oege en lytse Oege
Lytse Oege wenne by syn mem yn 'e hûs. Dat wie in âld minske. Hy wie mar earm, hy hie mar ien kou.
Greate Oege wenne njonken him. Dy hie ek in âlde mem. Greate Oege wie ryk en hy hie de gek hwat mei lytse Oege.
Lytse Oege syn mem kaem to forstjerren. Doe makke lytse Oege in plan. Hy kocht in soad grientespul, lyk as woartels en sa en dy laedde er op in kroade. Dêr sette er syn âlde mem boppe op. Sa kroade er nei de stêd ta. Hy gong nei de merk ta en lei it grientespul op in diske. It âld minske sette er op in stoel, achter it diske. En doe gong er sels om in hoekje stean.
Dêr kaem in deftige mynhear oansetten. Dy frege it âld minske hwat de woartels kosten. Hja joech fansels gjin antwurd. Hy frege al ris wer, mar doe't se wer neat sei, waerd er lulk en hy sloech har mei in stok. Dat kaem sa bot oan, dat hja foel op 'e groun. Doe kaem lytse Oege tofoarskyn.
"Hwat nou," sei er, "hastû myn mem dêr deaslein?"
De mynhear stie forstuivere. Ik wyt net hoefolle sinten lytse Oege doe net fan him krige. As lytse Oege 't mar net bikend makke. Nou, dat wie lytse Oege bêst. It wie him fansels om 't jild bigoun.
Hy kocht fé foar 't jild. Dêr koed er greate Oege nou ek ris de egen mei útstrike. Greate Oege sei tsjin him:
"Hoe bistû oan safolle jild kaem?" Hy sei: "Ik ha 't âld minske forkocht. Deade minsken dy bringe optheden in soad jild op."
Doe sloech greate Oege syn mem dea. Hy die fierder krekt as lytse Oege. Hy sette har op 'e kroade en ried har nei de merk. Dêr rôp er: "Dooie wijven te koop! Dooie wijven te koop!" Mar dat gong him raer ôf. De plysjes pakten him en sy sluten him yn 'e cachot op. Hy waerd straft omdat er syn mem deamakke hie.
Doe't er wer loskaem pakte er lytse Oege en treau him yn in tonne, dy't er tichtspikere. "Ik sil dy forsûpe", sei er. Hy lei de tonne op 'e kroade en ried der mei nei sé ta. Dêr stie in herberch. Greate Oege hie sin oan in slokje. Hy liet de kroade salang bûten stean. Doe kaem dêr in herder oan mei in keppel skiep. Lytse Oege hearde him oankommen. Hy rôp: "Ik wol der út! Ik mat koaning wurde en dat wol ik net!" Dat hearde dy herder. Dy sei: "Koaning wurde? Dat wol ik wòl." Doe makke dy de tonne los. Lytse Oege der út en h_ der yn.
Doe gong lytse Oege mei de skiep op stap nei hûs ta.
Greate Oege kaem út 'e herberch wei en smiet de tonne yn 'e sé. Doe't er thús kaem foun er lytse Oege dêr levend en wol mei in greate keppel skiep.
"Hoe kin dit sa?" frege er forbaesd. "Ja, jong," sei lytse Oege, "it wienen dêr allegearre skiep op 'e boaijem fan 'e sé, dat ik tochte, dêr nim ik in pear fan mei."
Greate Oege sei: "Wolstû my dan ek even yn in tonne dwaen en nei sé ta kroadzje?"
"Jawol", sei lytse Oege.
En doe forsûpte er greate Oege.

Onderwerp

AT 1535 - The Rich and the poor Peasant    AT 1535 - The Rich and the poor Peasant   

ATU 1535 - The Rich and the Poor Farmer.    ATU 1535 - The Rich and the Poor Farmer.   

Beschrijving

Een rijke man, Grootoog, zet vaak zijn arme buurman Kleinoog voor gek. Als de moeder van Kleinoog sterft, zet hij haar lijk bovenop een wagen met groenten. Als een voornaam heer de 'koopvrouw' - de dode moeder - herhaaldelijk om de prijs van wortels vraagt, antwoordt de moeder vanzelfsprekend niets. De heer ontsteekt hierop in zo'n grote woede dat hij de vrouw met een stok slaat. Als de moeder daarop van de wagen valt, springt Kleinoog tevoorschijn en beschuldigt de heer van moord. De heer biedt hem hierop een grote hoeveelheid zwijggeld aan. Als de rijke Grootoog Kleinoog vervolgens vraagt hoe hij aan het geld komt, antwoordt Kleinoog dat dode moeders het erg goed doen op de markt. Grootoog vermoordt daarop direct zijn moeder en prijst haar luidkeels aan op de markt met de woorden 'Dooie wijven te koop! Dooie wijven te koop!'. Grootoog wordt hierop direct in de boeien geslagen door de politie. Als Grootoog weer vrijkomt, sluit hij Kleinoog op in een kist die hij vervolgens dichtspijkert. Grootoog gaat op weg naar zee om Kleinoog te verzuipen maar houdt onderweg even stil bij een herberg. Terwijl Grootoog een borrel neemt, begint Kleinoog vanuit de kist klaaglijk 'Ik moet koning worden maar dat wil ik niet!' te roepen. Een schaapherder hoort Kleinoogs noodkreet en maakt snel de kist open omdat hij zelf best koning wil worden. Kleinoog stapt uit de kist en de herder stapt erin. Als Grootoog uitgedronken is, werpt hij vlug de kist in zee. Tot zijn grote verbazing treft hij thuis Kleinoog met een keppel schapen aan. Kleinoog beweert de schapen van de bodem van de zee gehaald te hebben. Grootoog verzoekt Kleinoog hierop hem in een dichtgespijkerde kist in zee te gooien opdat hij ook schapen van de zeebodem kan halen. Grootoog verzuipt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1175, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

4 juni 1979
The Rich and the poor Peasant. (Unibos.)

Naam Overig in Tekst

Greate Oege    Greate Oege   

Lytse Oege    Lytse Oege   

Grootoog    Grootoog   

Kleinoog    Kleinoog   

Oege    Oege   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21