Hoofdtekst
Der wie in dûmny dy wie och sa sunich. Hy wie by 't gjirrige om 't ôf. Op in kear stie er op 'e preekstoel en doe preke er dat de minsken dy moesten goed jaen as der kollekteard woarde. Hy kaem de minsken sa op 't moed, dat pastoarske, syn wiif, dy't in gouden rider by har hie, smiet dy yn 'e ponge. Doe't de preek dien wie, seagen se it jild nei. Dêr wie in gouden rider by. Dat wie noch noait in kear gebeurd. Doe't dûmny thúskaem fortelde er 't syn wiif. Doe sei dy: "Dy haw ik yn 't ponkje dien."
"Hwatte, dû?" rôp de dûmny kjel.
"Ja", sei se. "Dû hast ommers sein, der moest goed jown wurde dan soe men ek goed weromkrije. Nou, dêrom haw ik dy rider yn 't ponkje dien."
"Domkop," sei dûmny, "hoe koest dat dwaen? Ik preekje net foar dy, mar foar it folk."

Beschrijving
Een gierige dominee spoort zijn gemeenteleden aan goed te geven bij de collecte. De domme vrouw van de dominee geeft hierop een gouden muntstuk. Thuis berispt de dominee zijn vrouw omdat ze veel te gul geweest is. Bovendien preekt hij niet voor haar, maar voor het volk, aldus de dominee.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1175, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
4 juni 1979
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21