Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117602

Een mop (mondeling), donderdag 28 juni 1979

Hoofdtekst

Evert Luiskiter.
Evert wie sa lui as er stonk. Op in kear gong er in lânreedtsje lâns. Hy moest skite en gong yn 'e wâl sitten. Sa't er dêr siet to skiten rekke er yn 'e sliep.
Doe komt dêr in aeikoopman lâns. Dy sjocht dat sa skean oer en tinkt: Sit dêr sa'n dikke wite koal?
Doe't er tichterby kaem seach er dat it net in wite koal wie, mar Evert Luiskiter syn bleate kont.
Doe giet dy aeikoopman stikum hinne en dy reaget Evert syn ûntlesting dêr wei, sa dat it hwat skjin waerd en doe giet er hinne en leit dêr twa aeijen del.
De aeikoopman giet fuort en Evert wurdt wekker.
Hy sjocht om him hinne en dan sjocht er dêr dy beide aeijen lizzen. Jonge, tinkt er, dat is de muoite wurdich. Hy dy beide aeijen yn 'e bûse en nei hûs.
Thús seit er tsjin 'e frou: "Nou is 't klear, fanke, hwant ik kin sels aeijen lizze."
"Dat liichste", seit se; se wol 't net leauwe.
"Sjoch dan mar", seit er, en hy hellet de beide aeijen ta de bûse út. "Dy ha 'k krekt lein yn 'e wâl."
De frou moest it doe wol leauwe.
In skoft letter moest Evert wer út 'e broek. Hy sei tsjin 'e frou: "Dû giest op 'e stoel sitten en dan liz ik dy de aeijen yn 'e skoat."
Dat gebeurde. Mar dêr kamen gjin aeijen, wòl hwat oars.

Beschrijving

Een man genaamd 'Evert Luischijter' is erg lui en vies. Evert heeft de gewoonte in slaap te vallen tijdens het poepen. Een eierkoopman denkt eens een mooie witte kool te zien langs de weg. Als hij naar de kool gaat kijken, blijken het de blote billen van Evert te zijn. De eierkoopman haalt Everts ontlasting weg en legt er twee eieren voor in de plaats. Evert gaat welgemoed naar huis om zijn vrouw te vertellen dat hij eieren kan leggen. Evert spreekt af de eieren in haar schoot te leggen. Als Evert even later zijn broek laat zakken, komen er echter geen eieren.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1176, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

28 juni 1979

Naam Overig in Tekst

Evert Luiskiter    Evert Luiskiter   

Evert Luischijter    Evert Luischijter   

Evert    Evert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21