Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117820

Een mop (mondeling), vrijdag 14 april 1978

Hoofdtekst

Der wienen by in boer in greatfeint en in lytsfeint yn tsjinst. De lytsfeint sei: Ik bin net bang.
Doe sei de greatfeint: Opskepperij, dêr leau ik neat fan. De lytsfeint hâldde fol dat net ien him bang krije koe.
Doe gong de greatfeint op in planke sitten mei in wyt lekken om him hinne. 't Wie op 'e joun en tsjuster.
De lytsfeint moest jouns altyd mei 't hynder nei 't lân ta en dan gong er werom oer de planke. Dat wie in stik koarter. De greatfeint wist dat en dêrom wied er dêr sitten gien.
Doe kaem de lytsfeint der oan. Hy tocht: Dêr sit hwat op 'e planke. Sa kin ik der net oer komme. Hy waerd sa lulk, dat hy skopte 't wite ding yn 'e sleat. Dat wie dus de greatfeint dy't hy der yn skopte.
De oare moarns, doe't de boer fan 't bêd kaem, doe wie de greatfeint der net. Doe sei er tsjin 'e lytsfeint: "Witstû ek hwer't de greatfeint is?"
Doe sei de lytsfeint: "Ik ha justerjoun hwat fan 'e planke skopt."
Doe gongen se nei dat plak ta, en doe lei de greatfeint dêr yn 'e sleat. It lekken hied er om him hinne. Dêr hied er yn biteard west, sadwaende hie hy der net út komme kind.

Onderwerp

VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder    VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

Beschrijving

De jongste boerenknecht pocht nergens bang voor te zijn. De oudste boerenknecht denkt dat zijn maat uit zijn nek kletst en besluit hem eens flink de stuipen op het lijf te jagen. De oudste boerenknecht gaat verkleed als spook op een plank zitten. Als de jongste knecht te paard over de plank gaat, schopt hij het 'spook' van de plank omdat het hem de doorgang verhindert. De volgende dag is de oudste boerenknecht zoek. Hij blijkt nog in de sloot te liggen omdat hij verstrikt is geraakt in het laken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 20 (archief MI)

Commentaar

14 en 21 april 1978
Spookspelen: Het spook op de vonder

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21