Hoofdtekst
't Wie op in freed-to-joun. Twa kameraden wienen yn in hotel. Hja rekken dêr oan 't slokje. 't Wienen Amsterdammers en dy jouns wienen se earne yn Fryslân.
De iene sei: Ik wol joun net safolle drinke, hwant ik mat fannacht ride.
Goed sei de oare, dan drink ik dines der by op.
De oare moarns 10 ûre moesten se wer yn Amsterdam op it wurk wêze. Doe't it fjouwer ûre wie yn 'e moarn gongen se yn 'e auto sitten. Der wie gjin tiid om dy nachts to sliepen.
Deselde dy't net safolle dronken hie, siet achter 't stjûr.
Doe't se even foarby Ljouwert wienen, sei de dronkene: "Halt, ik moet plassen. Je zult me even moeten helpen."
De oare sette syn maet tsjin 'e beam oan, makke him de gulp los en liet him pisje.
Doe't se krekt op 'e ôfslútdyk wienen sei dyselde al wer: "Ik moet plassen."
Hy waerd wer troch syn kammeraet holpen krekt as de earste kear.
Op 'e ein fan 'e ôfslútdyk wie 't al wer: Ik moet plassen, en hy frege al wer de help fan syn kammeraet.
It bigoun syn maet to forfelen en hy sei doe't er mei him bûten njonken 'e auto stie: "Ik kan hem niet vinden."
"Nou," sei de oare, "dat hindert niets. Breng hem morgen maar weer terug, want jij hebt hem het laatst gehad."

Beschrijving
Twee Amsterdammers bezoeken Friesland en willen zich flink gaan bezatten. Ze spreken af dat één van hen niet al teveel zal drinken, omdat die dan mooi terug kan rijden naar Amsterdam. Onderweg moet de Amsterdammer die achter het stuur zit steeds stoppen omdat zijn dronken kameraad moet plassen. De chauffeur moet de dronkelap steeds helpen zijn broek los te maken. Als de dronkelap voor de zoveelste keer moet plassen, begint het de chauffeur te vervelen en zegt hij dat hij de penis niet kan vinden. De dronkelap zegt hierop 'Dat hindert niets. Breng hem morgen maar terug, want jij hebt hem het laatst gehad'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 35 (archief MI)
Commentaar
14 en 21 april 1978
Naam Overig in Tekst
Amsterdammers   
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Fryslân   
Amsterdam   
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21