Hoofdtekst
By de Krúswetters wenne in jong gesin, dêr moest de frou bifalle. 't Wie de jouns let en 't wie tsjuster. Doe waerd de dokter roppen. Hy moest der oer 't wetter hinne, oars koe hy dêr net komme.
Doe't er by de jonge boer kaem wie 't dêr allegearre tsjuster. Elektrysk ljocht hienen se dêr net. Hjir en dêr brânde in skimerich petroaljelampke.
De dokter gong nei 't bêd fan 'e jonge frou en sei tsjin 'e man: "Ljochtsje my ris by mei de flearmûs."
Dat die de boer.
In skoftsje letter sei de dokter: "Dêr is er al. Ik filisitear jo. 't Is in soan."
De boer wie bliid fansels. Mar de dokter sei: Wolle jo noch even byljochtsje?
Dat die de boer.
Doe sei de dokter: "Dêr is ek noch in fanke."
Doe't dy der wie, sei er tsjin 'e boer: "Wolle jo nòch even byljochtsje mei de flearmûs?"
Mar doe sei Germ alhiel gleon: "Ik fordom it, ik doch it net mear, hwant sy komme op it ljocht ôf."

Onderwerp
VDK 1349S* - Kinderen komen op het licht af   
Beschrijving
Als de boerin een kind krijgt moet een boer de dokter bijlichten als het kind ter wereld komt. Kort daarop vraagt de dokter weer om licht omdat er nóg een kind aan komt. Als de dokter even later licht nodig heeft om een derde kind geboren te laten worden, weigert de boer: hij denkt dat de kinderen op het licht afkomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 39 (archief MI)
Commentaar
14 en 21 april 1978
Kinderen komen op het licht af
Naam Overig in Tekst
Krúswetters   
Germ   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21