Hoofdtekst
't Wie yn 'e oarlochstiid. Der wie in joadse jonge ûnderbrocht by string-grifformearde minsken ergens yn in doarp. Dy minsken gongen sneins geregeld twa kear nei tsjerke, en as se it rêdde koenen, trije kear. Dy jonge hie 't dêr wol goed by dy minsken, hy die oan postsegelsammeljen en al sokke dingen mear.
Op in snein gebeurde it dat se de jonge meinamen nei tsjerke ta. De jonge hie der út himsels om frege. Hy hie sein, hy woe dy doomny wolris hearre.
De doomny preke út in brief fan Paulus.
De jonge harke ta, hy wie der fol oandacht by. De doomny seach dat wol en hie der aerdichheit oan en de minsken dêr't de jonge by yn 'e hûs wie, ek.
Doe't de preek ôfroun wie, sei de jonge: "Soe 'k wol even mei de doomny prate kinne?"
"Founst it sa moai?" frege de frou by hwa't er yn 'e hûs wie.
"Ja, ik foun it moai," sei er, "machtich-moai."
Doe mocht er dan hiel even mei de doomny prate.
De lju dy't op him pasten, wienen der greatsk op. De jonge gong nei de doomny ta.
"Doomny," sei er, "jo hawwe it hawn oer dy brief fan Paulus. Soe ik de postsegel dêr fan ha meije?"

Beschrijving
Een joodse jongen duikt in oorlogstijd onder bij een streng-gereformeerd gezin. De jongen heeft het goed bij de mensen en heeft alle gelegenheid zich met het verzamelen van postzegels bezig te houden. Als de jongen op een keer meegaat naar de kerk, luistert hij vol aandacht naar de preek van de dominee over de brief van Paulus. Na afloop snelt de jongen naar de dominee toe omdat hij graag de postzegel van de brief van Paulus zou willen hebben.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 40 (archief MI)
Commentaar
14 en 21 april 1978
Naam Overig in Tekst
Paulus   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21