Hoofdtekst
Us mem fortelde, hja soe op in kear in prater ha.
Dat wie Hinke-muoi, dy wenne by it tolhek to Sumar.
Hja hienen ôfpraet, hja soenen elkoar tomjitte rinne. Us mem roan de Burgerreed del. Doe seach se Hinkemuoi oankommen. Doe't se by de hekke wienen sahwat op healwei sei mem tsjin Hinke-muoi: "Kom, dêr wiest al." Hja hie 't net sein of hiele Hinke-muoi wie fuort. Se wie der net mear. Mem waerd rare kjel. Sy is doe trochroan nei it hûs fan Hinke-muoi.
Doe wie dy oan 't forklaeijen. Se moest har noch rémeitsje foar de bisite. Hja hie noait fan hûs west.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Twee vriendinnen spreken af elkaar tegemoet te lopen. Als de ene vrouw haar vriendin in de verte ziet aankomen, zegt ze 'Daar ben je al'. Zodra ze de woorden heeft uitgesproken is de vriendin plotseling verdwenen. Als ze doorloopt naar het huis van de vriendin, blijkt die nog helemaal niet van huis te zijn geweest. Het was een voorgezicht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1179, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
23 juli 1979
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Overig in Tekst
Hinke-muoi   
Hinkemuoi   
Burgerreed   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21