Hoofdtekst
Der wie in mynhear, dy mocht o sa graech in buorrel. Mar syn frou dy foun dat net goed fansels. Hy moest it dus altyd tomûk dwaen as de frou it net seach. Mar der wie in forklikker yn 'e hûs, dat wie de papegaei.
Dy moest er altyd yn 'e gaten hâldde, hwant dat bist krante altyd alles oer.
Op in kear wie de frou fuort. De man tocht: Nou moat ik myn trekken waernimme. Hy pakte de flesse en geat him ien yn. Doe't er sa al in pear op hie, seach er om him hinne. Doe seach er de papegaei.
Doe tocht er: "Dy forrekte papegaei. Dy forklapt my altyd. Mar nou is it út. Hy forklapt my net wer. Ik snij him de kop ôf." En meiiens joech er it beest mei it mes in feech oer de nekke. Doe't er dat dien hie, tocht er: "Hwer mat ik nou mei dat bist hinne?"
Hy pakte de papegaei en gong der mei nei de WC. Dat wie noch in âlderwetske plé. Hy treau him yn 'e W.C.-tonne.
In skoftsje letter kaem de frou thús. Har earste loop, as se thús kaem, wie altyd nei de W.C. Dêr moest se dan nedich hinne.
Doe't se dêr goed en wol siet, kaem dêr in binaud stimke út 'e tonne wei: "Ook stout geweest? Ook een sneetje?"

Onderwerp
AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   
ATU 0237 - The Talking Parrot   
Beschrijving
Omdat een papegaai het drinkgedrag van een man aan diens vrouw dreigt de verklappen, besluit de man het dier de kop af te snijden. De man geeft de papegaai een haal met een mes en verbergt de vogel zolang in de wc-pot. Als de vrouw kort daarop naar de wc gaat, hoort ze een zielig stemmetje 'Ook stout geweest? Ook een sneetje?' zeggen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1183, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
9 juli 1979
Magpie Tells why Sow is Muddy
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21