Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118406

Een mop (mondeling), vrijdag 27 juli 1979

Hoofdtekst

Twa poepen wienen oan 't meanen hjir earne yn Fryslân. Hja hienen de poepekost ta by de boer. De faem hie in potfol brij foar har sean yn 'e hutte. Dat sette se by de poepen del op 'e stiennen. Dy brij prottele noch troch wylst se op 'e kâlde groun stie.
De iene poep seach dat en forbaesde him dêr danich oer.
"Dat is in moaije pot, die wil ik wel kopen", sei er.
De boer forkocht him dy pot.
De oare deis naem de poep de pot fol kâlde brij mei nei 't lân. Hy sette him oan 'e kant fan 'e sleat del.
Sjesa, tocht er, dat bigjint aenst wol to sieden.
Mar sa faek hy der dy moarns nei seach, de brij bleau kâld.
Doe waerd er sa grimmitich, dat hy skopte de pot yn 'e sleat. Mar doe bigoun it it buorreljen.
Doe rôp er: "Nou kookt den duvel al!"

Onderwerp

VDK 1539C - De zelfkokende pot    VDK 1539C - De zelfkokende pot   

Beschrijving

Een Duitse hannekemaaier - ook wel 'poep' geheten - ziet een pot met pap op tafel nog borrelen en concludeert dat dit een hele wonderlijke pot - een zelfkokende pot - moet zijn. De boer verkoopt hem de pot en de domme poep zet de 'wonderpot' enthousiast aan de waterkant. Als de pot na een tijdje nog niet kookt, schopt hij de pot woedend in de sloot. Als het water hierop begint te borrelen, denkt hij dat de pot alsnog kookt.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1184, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

27 juli 1979
De zelfkokende pot

Naam Overig in Tekst

Duitse    Duitse   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21