Hoofdtekst
Yn 't petlân fan Sjoerd Ielkes yn 'e Earnewarren, dêr wennet nou Teade Smedes. Dêr wienen heit en myn beide bruorren Bouwe en Hedzer oan 't wurk.
It wie de middeis om iterstiid hinne. Se wienen mei 't iten oan 'e gong. Ierappels waerden yn griene oalje opbakt.
Gjert van der Iest soe yn dy tiid in plaets sette litte by de Tsjerk-wei, by de feart. Dêr wie al in moai skoft sprake fan, mar finansieel koe er it net foar inoar krije.
Dy deis sjocht dyselde fan uzes, dy't oan 't itensieden wie, tafallich de Tsjerk-wei út en dêr wurdt er in gloednije plaets gewaer mei foar blauwe pannen op it dak en achter reid. De sinne flikkere op 'e blauwe pannen.
Doe sei dyselde: "Nou moatte heit en dy ris sjen, dêr stiet al in plaets: de nije plaets fan Gjert van der Iest.
Se seagen alle trije. De plaets wie kant en klear. Se seagen him alle trije hiel dúdlik.
De jouns sei heit tsjin Hette Grypma, dy't op in spul wenne op in stik lân dêr njonken: "Gjert van der Iest hat dêr al in plaets stean, hè?"
"Hwatte?" sei de man.
"Ja," sei heit, "wy ha 't hjoed klear en bleat sjoen. Hy hat itselde model as jouwes, mar hy is hwat langer."
De man skodholle.
De oare deis gongen heit en dy wer it lân yn, mar doe wie der neat to sjen.
Mar deselde maitiids kaem dy plaets dêr, krekt sa 't heit en dy him sjoen hienen, mei blauwe pannen foar, en fierder in reiden tek. En hy wie ien stâl langer as dy fan Hette Grypma.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een man ziet een prachtige, nieuwe boerderij staan met blauwe dakpannen. Het is een voorgezicht: later bouwt een man die al lang van plan was een nieuwe boerderij te bouwen een plaats die er zo uitziet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1186, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
27 juli 1979
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Overig in Tekst
Sjoerd Ielkes   
Earnewarren   
Teade Smedes   
Bouwe   
Hedzer   
Gjert van der Iest   
Hette Grypma   
Naam Locatie in Tekst
Tsjerk-wei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21