Hoofdtekst
Op in kear soe hy der mei syn maet op út om in skiep to stellen en dat to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie namen se elk in slacht skiep op 'e rêch. Doe't se in eintsje fuort wienen, sei Japik Ingberts tsjin syn maet: "Tink der om, der komt ien oan!"
Doe smiet syn maet it fleis gau del en makke dat er fuort kaem, sa hurd er mar koe. En Japik Ingberts die dat ek. Se rounen elk in kant út. Mar efkes letter kearde er werom. Der wie net ien oankaem. Hy naem de beide slachte skiep op 'e rêch en kuijere sa nei hûs ta. Nou hie er se allebeide. Dêr wie 't him krekt om bigoun.
Onderwerp
VDK 1525Z* 11 - Japik Ingberts steelt met een collega een schaap   
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
A.A. Jaarsma   
Drachten   
Eastemar   
Japik Ingberts   
A.A. Jaarsma   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Eastermar   
Oostermeer   
Kloekenummer in tekst
B065p   
B099p   
