Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119403

Een sage (mondeling), 1978

Hoofdtekst

Der wie in fanke yn Zevenhuizen, dat woarde samar ynienen slim siik. Alles roun har ôf. Hwat der út kaem, dêr sieten allegearre ielshûden tusken. Hja tochten: sy kin wol ris bitsjoend wêze. Doe toarnden se it holkessen los, en ja, dêr kaem in krâns fan fearren út. Dat wie 't biwiis, dat it fanke bitsjoend wie. Doe hellen se de duvelbanner der by. Dy biseach dy ielshûden en ek de krâns. Dat moest allegear forbrând wurde. Hwant dat luts de heks oan. As de heks der oan kaem, moest dy opslach deasketten wurde, sei er. Mar dat koe net mei in gewoane kûgel, dêr moest hwat fan sulver yn it gewear, in dûbeltsje of in kwartsje of sa.
Doe gong der ien mei 't gewear laden by de doar stean. Doe kaem der krekt in buorman oan, alhiel ûnforwacht. Dy buorman, dat wie iksels. Dy mei 't gewear woe my sjitte, mar ik sei: Hwat sille wy nou ha?
Doe lei er it gewear wer del.
Deselde dy't it fanke bitsjoend hat, ha se net krigen. Dat wie in earm skipperke. Dêr hienen dy lju kofjedronken en dêr hie dat fanke ek by west.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek meisje dat steeds huiden van alen uitspuugt blijkt betoverd: een verenkrans prijkt in haar hoofdkussen. De duivelbanner raadt aan de alen en de krans te verbranden omdat het verbranden de heks aantrekt. Als de heks nadert, moet ze terstond doodgeschoten worden met een kogel van zilver of iets anders van zilver, aldus de duivelbanner. De heks werd nooit gevonden; het geweer werd wel even op de buurman - de verteller zelf - gericht.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1194, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

1978
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Locatie in Tekst

Zevenhuizen    Zevenhuizen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21