Hoofdtekst
Pake wie boer yn Readtsjerk. Njonken him wenne âlde Evert, dy wie duvelbanner. Evert hie in dochter, dy stie altyd by de doar as der guon kamen. Dy seach fuort wol as se kamen foar tsjoenen ofsa. Hja hie in soad minskekennis - hja wie ek féarts - en hja brûkte in wurdtsje, dan wist Evert wol of dy persoanen kamen om duvelbannerij. Dan sette er de fellene mûtse op en luts it wyt fan 'e egen foar. Sa waerden se ûntfangen. Hy frege dan hwat der oan mankearde ensa.
Hy hie in pot mei oalje oer 't fjûr. Der sieten spjelden by yn. Dy spjelden dounsen yn 'e oalje om. Dy spjelden stutsen de tsjoenster fan alle kanten.
Hy roek oan 'e mûtse fan 't bern dat bitsjoend wie.
Meastal wist er wol hwat der oan haperde. De frou mocht it bern neat oandwaen of it moest earst útsean wurde. As se wer fuort wienen, sei er: Dy smarge tippen.

Beschrijving
Een duivelbanner zet zijn dochter – die veel mensenkennis heeft – bij de deur om te zien of er klanten voor hem komen. De duivelbanner heeft verschillende methoden om slachtoffers van toverij te behandelen en hij draagt daarbij een vellen mutsje.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1195, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
zomer 1967
Naam Overig in Tekst
Evert   
Naam Locatie in Tekst
Readtsjerk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21