Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPRIN170 - It resept

Een mop (boek), september 1971

Hoofdtekst

It resept
Der wie ris in professor yn 'e medisinen to Grins, dy hie in soan, dy't ek dokter wurde moast. Mar hy wie sa dom as oalje en koe net troch 't eksamen komme. Doe sei de professor op 't lêst: "Dou moatst de papieren doch mar ha, en dan moatst dokter wurde hielendal efter yn Drinte, dêr binne de minsken noch hwat dommer." Doe joech de professor him fiifentweintich resepten mei. Hy sei tsjin syn soan: "Ast nou in pasjint haste, dan goaist de fiifentweintich resepten mar yn 'e hoed, dou krigest der ien út en dat skriuwst him mar foar."
Sadwaende waerd er dokter yn 'e efterste úthoeke fan Drinte en hy die sa't syn heit him sein hie. En dat bisloech mar bêst. Der wie gjin rie ta, sa'n bêste dokter wie it. Och, de minsken wiene dêr moai soun en sterk en it wiene resepten dy't net in bulte kwae mochten.
In set letter krige de professor sels in kwaede swolm yn 'e hals. Hy hie it der krap mei. Gjin dokter dy't der hwat oan dwaen koe, de operaesje koene se doe noch net. Op 't lêst lieten se de soan mar komme. Der gong sa'n rop fan him, dat sels to Grins hiene se der fan heard. Hy kaem en syn fiifentweintich resepten hie er by him. Hy roun nei 't húske en grabbele der ien fan út 'e hoed. Doe kaem er by it siikbêd en hy rôp: "Heit, ik wit it al: pappen op de buik, pappen op de buik!" En dêr moast de professor sa om laitsje, dat de swolm briek troch en hy rêdde it der ôf.
(Ype Poortinga: De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1976, p. 282)

Onderwerp

AT 1641B - Physician in Spite of Himself    AT 1641B - Physician in Spite of Himself   

ATU 1641B - Physician in Spite of Himself.    ATU 1641B - Physician in Spite of Himself.   

Beschrijving

De zoon van een professor moet ook arts worden, maar is er te dom voor. De vader geeft hem toch zijn papieren, en 25 recepten die hij maar willekeurig moet uitkiezen als er iemand ziek is. Dit blijkt een groot succes te zijn. Als de vader zelf ziek is van een zwelling in de hals, kiest de zoon als medicijn pap op de buik. De vader moet hier zo om lachen dat de zwelling doorbreekt en hij alsnog genezen is.

Bron

Ype Poortinga: De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1976, p. 282

Commentaar

september 1971
Physician in Spite of Himself

Naam Locatie in Tekst

Drente    Drente   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20