Hoofdtekst
De glêzene skonk
Der libbe ris in dominé, dy bylde him yn, dat er in glêzene skonk hie en net in stap mear gean koe. It wie yn 'e tiid, dat de minsken mienden, dat de wrâld forgean soe.
Yn dyselde krite wennen twa banditen, Piter en Harke, dy't sa'n bytsje mei stellen en streupen troch de tiid kamen. De oerdeis joegen hja de eagen goed de kost en yn 'e nacht teagen se der op út om de bút op to heljen.
Sa waerden hja ris op 'e heide in fet skiep gewaer. Dat wie fan in man, dy't der ek in smoarch winkeltsje op nei hâldde. It skiep helle hy jouns fanwege mûglike dieverij yn.
Jonge, tochten Piter en Harke, dêr moasten wy tonacht mar ris in raem op dwaen. Hja der hinne, doe't alleman op ien ear lei. Hja fierden de doar hiel súntsjes iepen, mar doe miende Piter, dat er ûnrie hearde en beide naeiden se út, mar Harke naem yn 'e flecht noch gau in sekfol nuten mei.
Doe 't de beide maten in stikhinne de heide oer wiene, bikoarren se harren en Harke sei tsjin Piter: Nou partestû de nuten, wylst helje ik it skiep op. Ik kom by dy op it tsjerkhôf, dêr kinne wy it skiep wol slachtsje. Piter bijoech him nei it plak, dat syn maet oantsjut hie en by de bientsjekou gyng hy noflik sitten. Wylst naem er de nuten twa by twa út 'e sek en makke der twa heapen fan. By elts pear nuten sei er: Dit binne mines, dat binne dines.
De dominé, dy't deun tsjin it tsjerkhôf oan wenne, koe dy nachts net sliepe. It wie sierlik moai waer en hy hie it finster heech opskoud. Wylst er dêr sa wekker lei en prakkesearre oer de sûndige wrâld, dêr't it sa faei mei stie, hearde er op it tsjerkhôf oan ien tried wei sizzen: Dit binne mines, dat binne dines. En dêrby tikken de nuten tsjinelkoar oan.
De man krige it sa binaud, doe't er dy wurden hearde, dat it swit stie him der yn tsjokke kobben fan op 'e rêch. Yn syn eangst makke er pastoarske wekker. Frou, sei er, helje gau master Harke op, de wrâld forgiet. Hja binne al mei de bonken oan 't fordielen. Ik moat der hinne.
It minske sloech gau hwat om har hinne en dat gyng yn tûzen hasten nei master Harke ta. Omt dominé miende, dat er net rinne koe, moast master, dy't fiks út 'e kluten sketten wie, der altyd oan to pas komme. Dy naem him op 'e koop.
Sa barde it ek nou wer. Pastoarske smiet dominé in ljochte tekken om en dêr sjoude master Harke syn fracht nei it tsjerkhôf.
Piter wie noch drok oan it tellen. Dit binne mines, dat binne dines, sei er. Doe't er dêr ien oankommen seach mei in frachtsje op 'e rêch, tocht er net oars, of dêr wie syn maet mei it skiep en hy rôp: Bist dêr al, Harke? Kom mar gau, ik ha it mes al skerp.
Master Harke liet as de wealich syn frachtsje falle en rinne, sa ha je net. En dominé, dy't lang net sêft tsjin in sark oan tolânne komd wie, fielde gjin pine en gjin glêzene skonk mear. Piter syn skerp mes hie sa'n yndruk op him makke, dat hy koe samar ynienen syn skonk wer brûke en dominé siet yn in amerij yn 'e pastorije mei op elke doar twa skoattels.
Sûnt dy tiid wie syn skonk genêzen.
(Boelensleane)
(Dam Jaarsma: 'De dominé yn it folksteltsje. Ut de folksmûle optekene I', in: Drachtster Courant 2 April 1954)

Onderwerp
AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   
ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   
Beschrijving
Twee dieven willen een schaap stelen, maar vluchten in eerste instantie met een zak noten. Dan gaat een dief terug voor het schaap, terwijl de ander op het kerkhof de noten verdeelt. De dominee denkt dat het laatste oordeel is aangebroken en dat ze de botten aan het verdelen zijn. De meester moet hem naar de plek toe dragen, omdat de dominee moeilijk loopt vanwege een 'glazen been'. De dief denkt dat de andere dief eraan komt met het schaap en zegt dat het mes al scherp is. De meester laat de dominee vallen van schrik en beide slaan op de vlucht. De dominee is plots genezen van zijn glazen been.
Bron
Dam Jaarsma: 'De dominé yn it folksteltsje. Ut de folksmûle optekene I', in: Drachtster Courant 2 April 1954
Commentaar
ca.1953
The Sexton Carries the Parson
Naam Overig in Tekst
Piter   
Harke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21