Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119801

Een sprookje (mondeling), 1978

Hoofdtekst

Ergens op 'e rûmte, dêr wenne in boer. 't Wie winter, doe kommen der in stik of hwat froulju by him. Dy woenen har graech hwat waermje omdat it bûten sa kâld wie.
't Wienen allegear sigeuners.
De boer lit se allegear op 'e bank sitte by 't fjûr. As se dêr in skoftsje sitten ha tinkt de boer: Dat kinne wolris gjin froulju wêze. Se binne der him to groubonkich foar en har biwegings binne ek net dy fan froulju.
Hy tinkt: dat wurd ik wol gau gewaer. Hy giet nei de skuorre ta en hellet in kuorkefol apels op. Dan smyt er se ien foar ien in apel ta en dan sjocht er dat se ûnder it opfangen allegear de knibbels nei elkoar ta dogge. Dan wyt er sekuer dat it gjin froulju, mar manlju binne.
Hy giet tomûk wer nei de skuorre, sabeare om 't kuorke fuort to bringen en warskôget dêr de feinten dat er forkeard folk yn 'e hûs hat, dat it gjin froulju binne, mar wolris rovers wêze kinne. De feinten hâlde har klear.
Doe gong de boer wer yn 'e hûs. Tsjin 'e earste frou seit er: Gean mar even mei myn frou om molke.
As se yn 't bûthús komme pakke twa feinten de forklaeide sigeunerfrou. Se bine har fêst mei in prop yn 'e mûle. Doe kom de frou wer yn 'e hûs. Hja sei tsjin 'e twadde 'rover': "Wolle jo even nei de keuken gean en 't théwetter opsette?" De feinten wachten de rover al op en weefden der mei ôf, krekt as mei de earste.
Tsjin 'e trêdde sei se: "Wolle jo wol even 't spek yn fine plakjes snije, dan sil 'k jim lekkere pankoeken bakke."
Sa krigen se allegearre in taek, mar de feinten wachten de banditen allegearre ien foar ien op en weefden der mei ôf.
Doe't se allegear boun wienen en forsjoen fan in prop yn 'e mûle ha se de plysje ophelle en dy hat it folkje ynrekkene.

Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.    ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Een boer laat een stel zigeunervrouwen in zijn huis toe die zich graag wat willen warmen bij de kachel. Als het stelletje zich behaaglijk bij het vuur genesteld heeft, valt het de boer op dat de vrouwen zo grof van leden zijn en onvrouwelijke bewegingen maken. Omdat de boer vermoedt dat de 'vrouwen' in werkelijkheid verklede mannen – wellicht rovers – zijn, doet hij de appelvangproef met de vrouwen. Als alle 'vrouwen' de appel met de knieën tegen elkaar opvangen, is de boer zeker dat hij allemaal mannen – verkeerd volk – in huis heeft. Hij licht snel zijn knechten in en lokt de 'vrouwen' één voor één voor een bepaald klusje ergens naar toe. Op de plaats waar het klusje gedaan moet worden worden de vrouwen opgewacht door een knecht die hen gelijk vastbindt en een prop in de mond stopt. Als alle rovers gevangen zijn, haalt de politie de bende op.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1198, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

1978
De appelvangproef

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21