Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119802

Een mop (mondeling), 1978

Hoofdtekst

Ergens wenne in âld minske mei in soan. Dat âld minske woarde siik. Doe hellen se de dokter der by. Dy sei: "Ik kin sa net sjen hwat der oan skeelt, mar ik mat jou wetter mar ris thús ha to bisjen. Miskien sit der wol sûker yn jou wetter."
De soan gong de oare deis mei in jeneverflesse fol wetter fan 't âld minske op stap. Hy hie de flesse yn 'e binnenbûs fan 'e jekker.
Dy soan wie in man, dy mocht graech in slokje en it foel him net maklik in herberch foarby to kommen.
Hy stuts ûnderweis oan en kocht in pear romerfollen.
Doe sei de kastlein: "Dû spuist der ek net yn, wol? Dû meist dat tinne guod graech."
"Ja," sei er, "mar ik bin ek in kenner. Ik kin altyd wol priuwe hokker merk it is."
Dat woe de kastlein wolris sjen. Hy naem in flesse út 'e tapkast en hâldde de hân op it etiket. Dêr krige de klant in romerfol fan. Hwat is it?
"It is Bols", sei de oare.
"Yn oarder", sei de kastlein. Doe krige er in oare flesse en geat him dêr ek in buorrel fan yn.
"Hwat is it?"
"It is Hulskamp." "Ik ha biwûndering foar dy", sei de kastlein.
Doe sei de oare: "Ik ha hjir ek in flesse by my. Sil ik jo dêr ris in romerfol fan ynjitte?"
"Jonge ja", sei de kastlein.
"Dan matte jo sizze hwat merk it is."
"Goed."
De flesse woarde foar den dach helle, de romer woarde fol getten en de kastlein preau -
"Harre jammele!" sei er, "dat koe wol mige wêze!"

Beschrijving

Een jongen moet urine van zijn zieke moeder naar de dokter brengen en gaat met een jeneverfles vol urine op weg. Onderweg heeft de jongen – die wel van een borrel houdt – heel veel moeite langs alle kroegen te lopen. Nadat hij toch een herberg is ingegaan, maakt de jongen de kastelein wijs dat hij zo'n grote kenner van jenever is dat hij de smaak van ieder merk kan herkennen zonder de fles gezien te hebben. De kastelein test de kennis van de jongen en is erg onder de indruk van de goede antwoorden die de jongen steeds moeiteloos geeft. Op het laatst biedt de jongen de kastelein een glaasje uit zijn 'jeneverfles' aan. De kastelein slaat het aanbod niet af en zet het glaasje snel aan de lippen. Direct daarop jammert de kastelein dat dit wel eens 'pis' zou kunnen zijn!



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1198, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

1978

Naam Overig in Tekst

Bols    Bols   

Hulskamp    Hulskamp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21