Hoofdtekst
Der wienen twa jonges, dy moesten foar de keuring. Hja woenen net graech ûnder tsjinst. Dêrom hâldde de iene him dôf en de oare bearde dat er blyn wie.
Deselde dy't zogenaamd dôf wie, sei, dat er neat hearde. Doe't de keuring ôfroun wie, sei de dokter: "Gean mar wer nei hûs ta. Dû kinst net yn 'e tsjinst, hwant dû hearst neat." Hy wiisde him nei de doar.
De dokter die de doar foar him iepen. De jonge soe fuortgean. Doe goaide de dokter him in sulveren ryksdaelder nei. De jonge pakte dy ryksdaelder op. Doe die 't bliken dat er net dôf wie, hwant hy hie dy ryksdaelder op 'e flier delkommen heard.
De oare jonge wie zogenaamd blyn. Hy moest alle klean út ha. Hy waerd troch deselde dokter keurd.
"Né," sei de dokter, "bline minsken kinne se ûnder tsjinst net ha, hwant dy kinne de fijân net iens sjen."
De dokter hie mei in fanke ôfpraet dat, as hy aenst belje soe, dan moest hja spierneaken tofoarskyn komme en neat sizze.
Wylst dy jonge dêr noch útklaeid stie kaem hja der yn. It duorre mar even, doe hie dy jonge al in stive pik.
Doe wie 't dan biwezen dat er net blyn wie.

Onderwerp
TM 6007 - De dienstplicht ontkomen   
Beschrijving
Twee jongens die onder de dienstplicht uit willen komen wenden voor dat ze respectievelijk doof en blind zijn. De arts heeft de jongens wel in de gaten en gooit de 'dove' jongen bij diens vertrek een rijksdaalder na op de trap. Als de jongen de munt gelijk opraapt, is bewezen dat hij niet doof is omdat hij anders de munt nooit had horen vallen. De arts laat voor de 'blinde' jongen een naakt, zwijgend meisje verschijnen. Als de jongen prompt een erectie krijgt, komt ook zijn leugen aan het licht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
?
De dienstplicht ontkomen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21