Hoofdtekst
Der wienen twa apen yn 'e bosk, en der wie ek in oaljefant. Mar dy oaljefant dy wie fordwaeld. Hy frege oan dy iene aep de wei. "Nou," sei dy aep, "ik wol 't dy wol sizze, mar foar hwat heart hwat. Dan wol ik in kear in nûmerke op dy meitsje." Hwant dy oaljefant, dat wie in wyfke.
De oaljefant gnyske mar hwat. Dy tocht: "sa'n lyts mirakel, as dy hwat wol of net, dat ynteresseart my net. Dêr fornim ik dochs neat fan. Lit him syn gong mar gean."
Dat it aepke gong der op. Mar doe pakte de oare aep gau in dikke kokosnút en goaide dy de oaljefant mei gewelt nei de kop.
Doe sei de oaljefant: Au.
Doe sei 't aepke: "Ja, de earste kear docht it altyd sear."

Onderwerp
TM 8060 - Eerste keer doet pijn   
Beschrijving
Een verdwaald olifantenvrouwtje vraagt een aap de weg. De aap wil het antwoord wel geven, maar wil in ruil daarvoor een nummertje maken met de olifant. De olifant stemt toe omdat ze vermoedt dat ze er toch niks van zal voelen. Als de aap op de olifant klimt, gooit een andere aap de olifant snel een kokosnoot op de kop. Als de olifant 'au' zegt, zegt het aapje dat het de eerste keer altijd pijn doet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
?
Eerste keer doet pijn
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21