Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy hie in nije faem krige. Dy doomny wie frijgesel.
Nou wenne der ek in frijgesel yn 't doarp, dy koe dy faem tige skoan en dy hie 't op dy faem bigrepen. Dy woe graech witte of de doomny ek hwat mei dy faem útheefde.
Hy gong nei in jonge ta en doe bitsjutte er dy jonge yn hokker keammerke dy faem sliepte. Hy woe ha, dy jonge moest de jouns yn 'e beam klimme, dy't flak foar dat keammerke stie, dan koed er alles sjen. As er him dan fortelde hwat dêr gebeurde, dan soed er in pakje tabak ha en in pear nije klompen.
De jonge naem dat opslach oan en de jouns siet hy boven yn 'e beam. Dêrwei koed er alles sjen hwat der yn it keammer[ke] fan 'e faem gebeurde en sein woarde. It duorre net lang of dy jouns rekke de doomny by de faem op bêd. En it rekke los.
Doe sei de faem: "Jo matte der al om tinke, as der hwat fan komt, hwa soe der dan mei rêdde?"
Doe sei de doomny: "Dêr redt dy dêr boven wol mei."
Dat hearde dy jonge. Dy tocht, dat hy dêr mei bidoeld waerd. Hy rôp gau: "Om 'e duvel net, hear! Net foar in pear klompen en in pûdtsje tabak!"

Onderwerp
AT 1355C - The Lord Above Will Provide   
ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   
Beschrijving
Een man is erg benieuwd of een vrijgezelle dominee iets met zijn beeldschone meid uitvoert. De man vindt een jongen voor een pakje tabak en een stel nieuwe klompen bereid in de boom tegenover het kamertje van de meid toezicht te houden. De jongen ziet al gauw dat de dominee geslachtsgemeenschap met zijn meid heeft. Als de meid zich bezorgd afvraagt wie er voor haar zal zorgen 'als er wat van komt', stelt de dominee haar gerust: 'Hij daarboven' zal wel voor haar zorgen. De jongen – die denkt dat de dominee hem bedoelt – roept daarop 'Om de duivel niet! Niet voor een paar klompen en een pakje tabak!'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
?
The Lord Above Will Provide
Naam Overig in Tekst
Hij   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21