Hoofdtekst
Der wie in faem, dy tsjinne by in slachter. Dêr kaem wolris in âld-feint by dy faem, dy wie tige frousk.
Dêr wie dy faem deabinaud foar, hwant hja tochte, as ik syn sin doch, dan mat ik de gefolgen dêr fan drage, mar hy net.
Dy deis hie de slachter in baerch slachte.
Doe tocht dy faem: As myn frijer nou joun wer komt, en hy wol hwat, dan hâld ik de bargeblaes der foar, dan kin 't gjin kwea.
De feint kaem dy jouns en it rekke los. Doe't it dan gebeurd wie, doe tocht dy feint: Nou gean ik mar wer nei hûs ta.
Mar wylst er ûnderweis wie, tocht er: Jammele, hwat haw ik dêr om 'e lytse man hinne sitten.
Hy nimt it der ôf en doe as de donder werom nei de faem ta. Dy wie al nei boven, mar 't ljocht brânde noch. Hy goaide mei stientsjes tsjin 't glês oan.
Hy ropt: "Tryn, ast moarn pisje mast, dyn kut leit op 't hinnehok, hear!"

Onderwerp
VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek   
ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.   
Beschrijving
Een meid is bang zwanger te raken van een knecht die steeds seksuele toenadering tot haar zoekt en stopt op aanraden van haar baas – de slachter – een varkensblaas in haar vagina om bevruchting te verhinderen. De knecht heeft geslachtsgemeenschap met de meid maar ziet na afloop iets – de varkensblaas - aan zijn penis hangen. Hij rent bang weg en roept de meid toe dat haar vagina op het kippenhok ligt, mocht ze willen plassen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 15 (archief MI)
Commentaar
?
Penis gevangen met snoekebek
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21