Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119914

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy prestearde seksueel neat by syn frou. Hja hie alris mei de dokter dêroer praet.
Dy sei: "Lit him dan mar ris by my komme, dan sil ik him medesinen jaen."
Mar de boer skamme him hwat foar de dokter, dat hy stjûrde de faem der hinne om dy medesinen foar him to heljen. Doe sei de frou tsjin 'e faem: "Nim my dan ek hwat krûden mei, dan wol ik dy yn 't sop ha."
De faem wie nochal lang ûnderweis en it sop stie wylst mar to protteljen op it fjûr. De krûden moesten der noch yn.
Doe't de faem dan op 't lêst werom kom, sei de frou: "Fuort de krûden der mar yn, hwant wy matte aenst ite."
Doe lege se de forkearde pûde yn 't sop.
Doe't it itenstiid wie, helle de faem it sop op tafel.
Hja sei: "Ik kin my wol dealaitsje."
"Hoe nou?" frege de frou.
De faem sei: "De fermiselli stiet allegear stiif rjocht oerein yn 'e panne."
De boer siet by de tafel mei de lippen omheech, krekt as in bolle dy't nei de koe sjocht.

Beschrijving

Een boer moet medicijnen hebben om zijn seksuele activiteit te vergroten, maar schaamt zich hier zo voor dat hij zijn meid naar de dokter stuurt om het middeltje op te halen. De boerin vraagt de meid ook wat soepkruiden mee te nemen. Als de meid na lange tijd terugkomt met de medicijnen en de kruiden, belanden de medicijnen per ongeluk in de soep en de kruiden bij de boer. De vermicelli staat recht omhoog in de pan; de boer zit aan tafel met de lippen omhoog als een stier die een koe zoekt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 14 (archief MI)

Commentaar

?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21