Hoofdtekst
Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters.
Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom.
"Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om.
"Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder. Hwant dy praet de hiele moarn mar oer Simens Bintsje (de frou fan Simen Bergsma). Hy biweart mar dat dy fannacht stoarn is. Hy hie it stjerren meimakke."
Doe sei Jelle-om: "De âld man hat it by 't rjochte ein. Bintsje is fannacht overleden, ik ha 't nyskes krekt heard."
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Earnewarren   
Binne   
Jelle   
Krúswetters   
Binne-om   
Simens Bintsje   
Simen Bergsma   
Bintsje   
Jelle-om   
Naam Locatie in Tekst
Tamme   
